Supporters Twente: "Hake is een goede trainer voor Cambuur"

31 jan 2018 - 11:08

Supporters fan FC Twente, de âlde klup fan René Hake, fine dat de Ljouwerters in goede kar makke hawwe mei de 46-jierrige Drint. De nije trainer fan SC Cambuur waard yn oktober 2017 ferantwurdlik hâlden foar mindere resultaten by FC Twente. Hy wie dêr doe sûnt augustus 2015 haadtrainer en einige yn it earste seizoen as trettjinde en yn syn twadde seizoen as sânde. Supporters fan FC Twente fine dat technysk direkteur Foeke Booy fan SC Cambuur mei René Hake in goede coach helle hat. "René past wel bij Cambuur, want hij is gewoon en hele goede trainer. Hij past overal."

Under de supporters dy't regelmjittich de trainingen fan Hake folgen hearsket noch hieltyd fernuvering oer syn ûntslach. "Ik vind het nergens op slaan dat René Hake hier weg moest. Als je samen met je technisch directeur spelers koopt en je wordt na negen wedstrijden ontslagen, zo ga je niet met mensen om", sa seit ien fan de fanatike oanhang fan FC Twente. Ek de trainer sels seach op doe't hy yn oktober dien krige. "Het was een overval zonder pistool. Ik zat na het ontslag vol woede en onbegrip. Ik begrijp nog steeds het moment niet", sa sei Hake doe tsjin it AD.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur René Hake
(advertinsje)
(advertinsje)