LTO warskôget boeren: koade oranje foar fjildmûzen

31 jan 2018 - 11:06

Boeren moatte wach wêze op fjildmûzen, seit boere-organisaasje LTO Noord. Neffens de organisaasje nimt it tal fjildmûzen wer ta. Dat hat te krijen mei de hegere temperatueren yn novimber, dy wiene ideaal foar de mûzen. Benammen yn de omkriten fan It Hearrenfean, De Lemmer en Snits wurde mear mûzen sjoen. 

Neffens LTO Noord is der noch gjin reden ta panyk, mar is it 'koade oranje'. Yn 2014 en 2015 hiene 900 Fryske boeren skea troch fjildmûzen, it gie mei elkoar om in bedrach fan mear as 70 miljoen euro. Der is in meldpunt.

(advertinsje)
(advertinsje)