Mooglik ekstra foarstellingen útferkochte Marijke Muoi

31 jan 2018 - 10:58
Foto: René den Engelsman

Fan de útferkochte foarstelling 'Marijke Muoi' komme miskien ekstra foarstellingen. Alle 52 foarstellingen rekken tiisdeitemiddei útferkocht. De organisaasje lit yn 'e rin fan takom wike witte oft der ekstra foarstellingen komme. 'Marijke Muoi' is belibbingsteäter dat yn en by de Grutte Tsjerke yn Ljouwert is en giet oer de striid foar demokrasy.

Earder rekke muzykteäterspektakel 'De Stormruiter' al folslein útferkocht. Ek hjir besjocht de organisaasje oft der ekstra foarstellingen programmearre wurde kinne. It toanielstik 'Holstmeer', dat takom wike yn premjêre giet, wie as earste kulturele haadstêdaktiviteit útferkocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)