Steatelid Buisman moat 18.000 euro werombetelje

31 jan 2018 - 10:53

Steatelid Pieter Buisman moat de provinsje hast 18.000 euro werombetelje. Dat hat de Ried fan Steat woansdei sein. It eardere PVV-steatelid krige de finansjele bydrage doe't er yn maart 2014 út de PVV-fraksje stapte en mei in eigen fraksje fierder gie. It wie de bedoeling dat hy mei it jild in fraksjemeiwurker betelje soe, mar hy boekte it jild oer nei in priveerekken. Hy waard dêrmei syn eigen fraksjemeiwurker en dat mei net, seit de Ried fan Steat.

Yn 2015 ûntstie op deselde wize in skuld, dy't Buisman op it stuit yn etappes werombetellet oan de provinsje. Fan it bedrach út 2014 is noch neat werombetelle.

Pieter Buisman wol noch net te djip op de útspraak yngean, omdat hy noch gjin oerlis hân hat mei syn advokaat en de motivearring fan de Ried fan Steat noch net lêzen hat. Hy seit wol dat hy it spitich fynt dat it yn syn eagen nea mooglik west hat om in goed petear te hawwen mei de provinsje oer de fergoeding. Doe't Buisman him ôfsplitste fan de PVV en syn eigen fraksje begûn, wie der noch mar in jier te gean oant de steateferkiezingen. Dêrom wie it neffens Buisman net mear mooglik om in fraksjemeiwurker te finen en yn te wurkjen. Hy fynt it spitich dat der troch de provinsje allinnich mar nei de regels sjoen is, sûnder in goed petear oer de achtergrûn fan syn beslút om it fraksjewurk dan mar sels te dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)