Twa tips Jumbo-oerfal nei omtinken yn Opsporing Verzocht

31 jan 2018 - 10:34

De plysje hat nei oanlieding fan de útstjoering fan it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht twa tips binnen krigen oer de wapene oerfal op de sliterij fan de Jumbo oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert.

Yn de útstjoering wiene tiisdeitejûn bylden te sjen fan de oerfaller. Dy wachte op 1 septimber ferline jier in meiwurker fan de sliterij op en twong dy ûnder bedriging fan in fjoerwapen om jild út de kassa te heljen. De man naaide út mei in ûnbekend jildbedrach.

(advertinsje)
(advertinsje)