Kop-sturt-botsing op Wâldwei; gjin ferwûnen
Op de Wâldwei by Drachten hat woansdeitemoarn in kop-sturt-botsing west, dêr't twa auto's by belutsen wiene. De bestjoerders kamen mei de skrik frij, mar de linkerrydstrook moast ôfsletten wurde om de auto's bergje te kinnen. It oare ferkear hat dêrom yn de spits efkes lêst hân fan de gefolgen fan it ûngelok.