René Hake nije haadtrainer SC Cambuur

31 jan 2018 - 09:32

René Hake is de nije haadtrainer fan SC Cambuur. Hy begjint fuortendaliks en hat in kontrakt foar oardel jier tekene. De 46-jierrige trainer begûn by FC Emmen. Dêrnei wie er assistint-trainer by PEC Zwolle en FC Twente.

De lêste twa seizoenen wie Hake haadtrainer by FC Twente. Dêr krige er yn oktober 2017 dien, omdat de resultaten net goed wiene. Hake sit freed al op de bank as Cambuur it opnimt tsjin Go Ahead Eagles.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur René Hake
(advertinsje)