Kollum: "Waad"

"Harnzers wolle de Waadsee yn. Dat is net sa frjemd, se wenje der al 861 jier deun njonken, dan wurdt it tiid dat je in kear fuotwaskje. No dogge lju soks tsjintwurdich net mear, de broek oant de knibbels ta omheech en dan efkes yn see ombargje. Rekreaasje bestjut hjoed-de-dei gâns mear. It moat hieltyd lúkser wurde. As je gjin wifi mear ha, komt nimmen mear op jo kemping. Der binne aanst inkeld noch fillake's. De alâlde tintekempingfildsjes wurde omwrotten ta steankaravanstasjons, dêr’t ek mobile kempers in soad plak krije kinne. It tintsje komt aanst inkeld noch yn it tintemuseum dat op Westerkeyn op Skylge komt te stean. Dêr mei op Oerol noch yn sliept wurde.
Yn Hylpen binne de plannen frij fier om te kommen ta in rekreaasje-eilân mei bungalows yn de Iselmar. Mar de Iselmar is wat oars as de Waadsee. De Vereniging tot behoud van het IJsselmeer fan 1972 bestiet al net mear. Leechrin; gjin sinten mear. Der is no noch wol de IJsselmeervereniging, mar dy kloppet net oan alle doaren. Dus dat Hylper eilân hat wol kâns. De Iselmar is ommers dochs al in ûnding mei al dy ûnbidige wynmûnen en dat al twa jier duorjende geskuor yn De Lemmer.
Dat is yn Waadsee wol oars. De Waadferiening is noch altyd sterk. Boppedat ha se ynternasjonaal en nasjonaal de mienskip mei. As je ienris wrâlderfguod binne, dan hawwe de fuotwaskjende Harnzers it swier om der noch in smoarge poat tusken te krijen.
Mar hiel súntsjes feroarje de doelen fan it Waad al wat. Harns moat ek wat, do kinst dyn unike posysje net fertutearzje litte. Holwert wol in hiel soad: de dyk trochbrekke en it waadwetter oant Dokkum ta streame litte. Holwert yn see. Moai plan, gau oan de slach. Mar Ternaard wol ek wol wat. En Peazens kin dan net efterbliuwe. Kin Swarte Haan op de ien of oare wize noch mear minsken lûke? Moat we noch mear fiskmigraasje ha, sadat ús ieltsjes noch nei de Saragossa-see kinne?
De eilannen wolle altyd wol wat mear. De hurde wyn hat de lêste moannen al oantsjutten dat dêr oanpassingen komme moatte. Tagelyk moatte de fargeulen nei It Amelân en Skier ferbettere wurde. En dy fan Skylge en Flylân lizze ek net muorrefêst. Boppedat wolle dy wol graach har jachthavens útwreidzje, it leit dêr te faak grôtfol. En je kinne alle wyn wol fuortsmite, mar as der in pear wynmûnen stien hienen, hie de Brandaris wol jierren fergees draaie kinnen.
No hear ik de Waadferiening al krimmenearjen. Terjochte, want as je alles optelle feroaret it byld, de struktuer en dus ek de boaiem en de natoer fan it Waad. Mar de Waadferiening docht al entûsjast mei yn it plan fan Holwert. En Joop Mulder draaft ek geduerich op de dyk om, roppend Sense of Place. Net ien wit presys wat hy bedoelt mei syn belibbing fan kulturele lânskipsûntwikkeling. Mar fertaald: de wearden fan it Waad yn stân hâlde, mar we moatte der ek mear fan genietsje kinne. Mar dan de diskusje, Flylân wol der gjin drones ha. En it is my noch in riedsel hoe’t se it dan ha wolle mei de bûtendykse lannen. Skitterjende natoer, mar wy komme net fierder as dy dyk. Miskien fynt Joop der noch wat op út, in pear fan dy ôfskafte tintsjes dêr simmers hinne?
Sûnder gekheid. It is no al in soadsje, as elkenien mei eigen plannen en ideeën komt, dat wurdt it in gribus. It wurdt dus tiid dat de bestjoerlike heit fan al dy neamde lju, de provinsje Fryslân, (yn ’e mande mei Grinslân en Dútslân en sa) ien grut plan makket foar de Waadsee en wat dêr omhinne sit. Gjin geâldehoer sa’t se no al tsientallen jierren dogge, mar echt en gau wat dwaan. Lykas Noard-Hollân en Fryslân mei de Ofslútdyk dien ha.
Sinten? As it hieltyd efterelkoar oan wat freegjen is, wurdt it neat. It Waadfûns skynt al op te reitsjen, se begjinne yn Den Haach al te seuren. Meitsje dus no ien plan, ek finansjeel. En noadigje de minister dan ien kear dit hillige kulturele jier út op ’e dyk by Joop Mulder en syn Sense of Place. Dan sit it sa mar wer grôtfol sinten."