Sipke Hulshoff: "In stunt hat der in oere lang ynsitten"

31 jan 2018 - 07:10
  • Trainer Sipke Hulshoff
  • Ferdigener Martijn van der Laan
  • Keeper Eric Cummins

Cambuur is der tiisdeitejûn net yn slagge om yn Enschede foar in stunt te soargjen. De Ljouwerters ferlearen yn de kwartfinale fan de KNVB-beker mei 3-1 fan FC Twente. Nei in healoere spyljen kaam Cambuur nei in moaie oanfal op foarsprong troch Mathias Schils. Yn de twadde helte joech de thúsklup gas. Nei in oere spyljen makke Martijn van der Laan in oertreding. Hy hold Twente-spits Remco Boere beet, mei in penalty as gefoch. "Een stommiteitje van mij", sei Van der Laan nei ôfrin. "Het was een licht vergrijp, ik kreeg geen geel." Assaidi fersulvere de strafskop: 1-1.

Trainer Sipke Hulshoff fan Cambuur fûn de aksje fan Van der Laan net slim. "It wie in terjochte penalty en it brekpunt yn de wedstriid. It hat der in oere lang ynsitten, mar jonges as Maher en Assaidi ha it ferskil makke. Dy binne fan de bûtenkategory. Mar ús jonges ha der alles oan dien om der in goed resultaat uit te slepen."

Cambuur-keeper Erik Cummins hie in drokke jûn en dat gong him goed ôf. "Jammer van die penalty, want daarna hebben wij niet meer gevoetbald. Het was alleen maar tegenhouden."

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur KNVB-beker
(advertinsje)