Cambuur hiert sintrale middenfjilder Crowley

31 jan 2018 - 00:02

SC Cambuur hiert foar de rest fan it seizoen Daniel Crowley fan Willem II. De sintrale middenfjilder komt oarspronklik fan Arsenal, ferline jier spile hy foar Go Ahead Eagles. By Willem II koe er net rekkenje op in basisplak.

Cambuur makket ynkoarten ek bekend wa't de nije haadtrainer wurdt. De namme fan René Hake sjongt hieltyd rûn. Hake wie earder trainer fan FC Twente, mar krige dêr oktober ferline jier dien nei minne resultaten.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)