Wetterskip Fryslân presintearret klimaataginda

30 jan 2018 - 23:35

Wetterskip Fryslân hat in klimaataginda presintearre om Friezen bewust te meitsjen fan klimaatferoaring. Der steane 40 punten yn dêr't de ynwenners, de provinsje en de gemeenten oan wurkje moatte. Om't it wetterpeil hieltyd flugger omheech giet, fynt Wetterskip Fryslân dat de provinsje in plan meitsje moat om dêrmei omgean te kinnen.

It wichtichste punt fan de aginda is it yn kaart bringen fan knyppunten by swiere reinbuien of just by ekstreem drûch waar. Dat wurdt dien mei in saneamde stresstest. Der wurdt sjoen wêr't it wetter hinne rint by needwaar en wêr't dat wetter miskien better opfongen wurde kin. Ek soe it wetter op dizze wize by drûch waar wer brûkt wurde kinne.

Tegearre mei de gemeenten en de provinsje wurdt no sjoen wat de knyppunten binne. Dizze simmer moat der dan in plan op tafel lizze wat deroan dien wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)