Fryske boeren krije sertifikaat foar streekprodukten

30 jan 2018 - 23:21

Sân Fryske streekboeren krigen tiisdeitejûn yn Raerd in offisjeel sertifikaat foar harren streekprodukten. De boeren hawwe allegearre produkten dy't hjir út Fryslân weikomme en se brûke dêrby sa min mooglik gemyske stoffen. Sa wolle se foarkomme dat produkten fan oer de hiele wrâld nei Nederlân transportearre wurde moatte, wylst dy produkten ek gewoan yn Fryslân sels te krijen binne.

De provinsje wol mei de sertifikaten it gebrûk fan lokale produkten ekstra stypje. Foar de boeren is it sertifikaat foaral in blyk fan erkenning. De boeren krigen it sertifikaat út hannen fan deputearre Johannes Kramer.

(advertinsje)
(advertinsje)