Cambuur útskeakele yn beker, 3-1 ferlies tsjin FC Twente

30 jan 2018 - 22:38

Cambuur hat tiisdeitejûn de bekerwedstriid yn de kwartfinale tsjin FC Twente mei 3-1 ferlern. De Ljouwerters makken de iepeningstreffer yn de earste helte, mar úteinlik wie Twente te sterk. Hjirmei komt der in ein oan it bekeravontuer fan Cambuur.

Soad kânsen

De wedstriid kaam stadich op gong. De earste echte kâns wie yn de 26ste minút. El Hamdaoui brocht mei in hakbal Vuckic yn stelling, mar de Sloveenske middenfjilder fan FC Twente skeat de bal op keeper Cummins. It tempo waard stadichoan heger. Der kamen mear kânsen, mar foaral foar FC Twente. Dochs wie it Cambuur dy't it earste doelpunt makke. Fia goed tariedend wurk fan Nigel Robertha kaam de bal by de Belg Mathias Schils, dy't him yn de 32ste minút ûnder de keeper trochskode, 0-1. Foar it skoft kaam der noch wol druk fan FC Twente. De korners steapelen har op, mar der kaam neat út. Cambuur gie mei in foarsprong de klaaikeamers yn.

Druk

De twadde helte gie fan start mei in wiksel fan FC Twente. Mounir El Hamdaoui hie him net genôch sjen litten yn de wedstriid, neist dat er in rol spile by de earste kâns, en waard ferfangen troch Tom Boere. Yn de twadde helte socht Twente nei de gelykmakker. Nei in handsbal yn it strafskopgebiet fan Cambuur rôpen de Twente-spilers om in strafskop. De bal gie lykwols net op de stip. In pear minuten letter krigen de Twentenaren dochs noch harren sin. Nei in oertrêding op spits Boere, mocht linksbûten Assaidi oanlizze fan de alve meter ôf en de útblinker oan de kant fan FC Twente skeat de bal oertsjûgjend yn it doel.

Kwaliteit

FC Twente fierde nei dizze treffer de druk fierder op en liet har kwaliteit sjen op it fjild. Yn de 70ste minút skeat middenfjilder Adam Maher de bal skitterjend yn mei in perfekte frije traap en sa waard it 2-1. Nei in foarset fan Boere liet Fredrik Jensen de kâns op de 3-1 lizze, mar twa minuten letter (yn de 76ste minút) kaam dy skoare dochs op it boerd te stean, wer troch Adam Maher. Hy skeat fan bûten it strafskopgebiet spikerhurd de 3-1 tsjin de touwen. De hoop op oerwinning is fan dan ôf wei by Cambuur.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal FC Twente
(advertinsje)
(advertinsje)