ChristenUnie wol sirkulêre damwand by Strobosser Trekfeart

30 jan 2018 - 21:39

De ChristenUnie yn de Steaten fan Fryslân fynt it nuver dat de nije damwand lâns de Strobosser Trekfeart tusken Dokkum en Strobos fan stiel is en net fan sirkulêr materiaal. De fraksje freget him ôf hoe't dat strookt mei de ambysje fan Fryslân om yn 2025 maksimaal sirkulêr yn te keapjen.

Foarsitter Wiebe de Vries fernuveret him der benammen ek oer, omdat yn Fryslân sels damwanden fan sirkulêr materiaal makke wurde. De partij wol witte wêrom't de provinsje hjir net foar kiest. De stielen damwand giet neffens De Vries grif 50 jier mei. De damwand sil dan nea sirkulêr wurde, tinkt er.

(advertinsje)
(advertinsje)