FIDEO: Orgaandonaasje ja of nee?

30 jan 2018 - 20:56
  • Orgaandonaasje ja of nee?

Wurdt it ja of nee? It debat dat de Earste Keamer op it stuit fiert oer de wet op orgaandonaasje, is tige belangryk foar minsken dy't wachtsje op in donor. Sy sitte noch altyd yn in ûnwisse situaasje en hoopje op in ja. Dat jildt ek foar Sietse de Vries fan De Westereen. In jier lyn wie er sa wanhopich, dat er op in alternative wize om in donor socht. 
Yn de studio fan Fryslân Hjoed wie Rik Gerritsen tiisdeitejûn te gast. Hy is donaasje-yntinsivist fan it MCL yn Ljouwert en lei út wat der spilet yn de diskusje oer orgaandonaasje.

De Earste Keamer stimt nije wike tiisdei oer de wet.

(advertinsje)