Mooglik ekstra foarstellingen útferkochte Stormruiter

30 jan 2018 - 20:30

De Stichting Faderpaard besjocht de kommende dagen oft der ekstra foarstellingen programmearre wurde kinne fan De Stormruiter. Der binne yn totaal 65.000 kaarten ferkocht. Alle fyftjin foarstellingen binne dêrmei útferkocht. Moandei wurdt bekend makke of it mooglik is om ekstra foarstellingen te hâlden en wannear't dan de ferkeap fan de kaarten begjint.

It muzykteäterspektakel De Stormruiter is ien fan de hichtepunten fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd. De foarstelling giet oer de striid tsjin it wetter en it ûntstean fan it Frysk hynsteras. De cast bestiet njonken in tal bekende akteurs ek út hûndert Fryske hynders. Jos Thie docht de rezjy.

Trefwurden: 
De Stormruiter útferkocht
(advertinsje)
(advertinsje)