Selstraf easke tsjin sabeare skuldhelpferliener

30 jan 2018 - 20:04

Tsjin in man fan 36 jier út Heemstede is 1,5 jier selstraf easke foar it oplichtsjen fan minsken út ûnder oare Drachten en Rie. De man sei dat er in profesjonele skuldhelpferliener wie. Hy beloofde minsken yn 1,5 jier tiid fan harren skulden ôf te helpen. Hy krige syn slachtoffers safier dat se harren ynkommen nei de man oermakken. Se soene dan jild fan him krije om fan te libjen. De rest soe nei skuldeaskers gean.

Uteinlik kaam it der op del dat de man it jild yn eigen bûse stuts en in lúks libben libbe. De slachtoffers krigen neat. In froulik slachtoffer út Drachten is foar tûzenen euro's dupearre. Njonken de selstraf wol justysje ek dat de man de slachtoffers it jild werombetellet. Oer twa wiken docht de rjochter útspraak.

Trefwurden: 
oplichterij strafeask
(advertinsje)
(advertinsje)