Mear minsken holpen troch thússoarch Hof en Hiem

30 jan 2018 - 19:42

Hof en Hiem Thússoarch yn Balk, De Jouwer, De Lemmer en Sint-Nyk hat ferline jier 10 persint mear minsken holpen. Neffens manager Harrie Dijkstra komt soks, omdat der yn 2015 strangere noarmen kaam binne foar fersoargingshuzen en ferpleechhuzen. Dêrom is der thús mear soarch nedich. Fierder nimt it oantal âlderen oant 2040 noch ta en giet de gemiddelde leeftiid omheech. By Hof en Hiem leit de gemiddelde leeftiid rom boppe de 80 jier. Trije klanten binne âlder as 100 jier.

In punt fan soarch is it oantal meiwurkers by de thússoarch. Hof en Hiem fernimt no al dat der minder reaksjes komme op fakatueren. Lanlik binne der op it stuit al mear as 100.000 fakatueren. De oerheid ferwachtet dat famylje, buorlju en freonen ek in part fan de soarch foar har rekken nimme. Mei de NHL ûndersiket Hof en Hiem oft der ek noch oare partijen binne, dy't mantelsoarch dwaan kinne. Neffens Dijkstra binne der ek goede ûnderfiningen mei it ynsetten fan au pairs en buddys.

Trefwurden: 
thússoarch Hof en Hiem
(advertinsje)
(advertinsje)