Twa finzenisbesikers oanhâlden fanwege drugsbesit

30 jan 2018 - 19:15
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Twa besikers fan de finzenis yn Ljouwert binne tiisdei oanhâlden, omdat se drugs by har hienen. Se woene op besite by finzenen en waarden troch befeiligers kontrolearre. In drugshûn sloech oan en doe die bliken dat se 44,3 gram softdrugs by harren hienen. De beide besikers meie de kommende trije moanne de finzenis yn Ljouwert net yn. Se binne oerdroegen oan de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)