Foarstellingen De Stormruiter útferkocht, Marijke Muoi ek

30 jan 2018 - 17:43

De foarstelling De Stormruiter, dy't dizze simmer te sjen is yn it ramt fan Kulturele Haadstêd, is útferkocht. Foar alle fjirtjin foarstellingen binne fia de webside fan it stik gjin kaarten mear te bestellen. De Stormruiter giet oer de striid tsjin it wetter en it ûntstean fan it Frysk hynsteras. De cast bestiet njonken in tal bekende akteurs ek út hûndert Fryske hynders. Jos Thie docht de regy.

Spesjaal foar Ljouwert-Fryslân 2018 hat er de orizjinele foarstelling Der Schimmelreiter bewurke. Ek de kaartferkeap fan oare grutte foarstellingen dy't dit kulturele jier opfierd wurde, rint goed.

Marijke Muoi

Ek alle 42 foarstellingen fan Marijke Muoi binne útferkocht. Dizze produksje yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert giet oer Maria Louise van Hessen-Kassel, oftewol Marijke Muoi, dy't yn de Grutte tsjerke begroeven leit.

(advertinsje)
(advertinsje)