Kapasiteit nije wynmûnen moat mooglik omheech

30 jan 2018 - 17:33

Fryslân moat mei de bou fan Wynpark Fryslân en wynpark Nij Hiddum-Houw foldwaan oan de easken foar wynenerzjy dy't it ryk stelt. Mar de kâns is grut dat de kapasiteit fan de mûnen hjirfoar omheech moat. Dat hat it provinsjebestjoer tiisdei bekend makke. Fryslân hat mei it ryk ôfpraat dat der yn 2020 goed 530 megawatt oan wynenerzjy opwekke wurde moat.

It grutste part, sa'n 316 megawatt, moat komme fan it noch te bouwen Wynpark Fryslân, oanfolle mei Nij Hiddum-Houw en de mûnen dy't no al op it fêste lân stean. Mar de kapasiteit fan dy mûnen rint op it stuit bot werom. Dat moat opfongen wurde troch Wynpark Fryslân, neffens deputearre Klaas Kielstra. Dat kin ek, al bliuwt it oantal fan 89 wynmûnen wol it maksimum yn dat park.

(advertinsje)
(advertinsje)