Kreamfersoarchster nimt ôfskied nei 54 jier en 1500 poppen

Nei 1500 poppen en 54 jier wurkjen nimt kreamfersoarchster Hinke Hiemstra út Lekkum mei pine yn it hert ôfskied fan har fak. Hinke is 72 jier en giet mei pensjoen. Se wol it eins noch net, mar troch sûnensproblemen kin it echt net mear. Spitich foar har, mar ek foar de famyljes, dêr't se bakeret. Hinke is de leafde sels, as it om poppen en heiten en memmen giet.
In soad feroare
Doe't Hinke 17 jier wie, die se de oplieding ta kreamfersoarchster. In moaie tiid fûn se dat. Der is wol in soad feroare yn 54 jier. Yn de begjintiid bleaunen kreamfersoarchsters hiele dagen en nachten by in gesin, dêr't in poppe berne wie. Letter wie dat fan moarns sân oere oant jûns sân oere en no is dat wer hiel oars.
Mear kennis
Wat neffens Hinke ek in grut ferskil is dat de froulju fan tsjintwurdich folle mear witte as eartiids. Op ynternet kin alles opsocht wurde. Dat is wolris dreech, seit Hinke, want se moat der somtiden tsjinoan prate om de froulju te oertsjûgjen.
Frijwilligerswurk
Se sil it wurk ôfgryslik misse. It moaiste fynt se it, om wat te betsjutten foar de heiten en memmen en mei te draaien yn in húshâlding. De leafde foar de poppen is grut, mar troch lykwichtssteuringen slagget it wurkjen net mear. Hinke sil no besykje frijwilligerswurk te dwaan, it leafst yn in sikehûs of by âlderein.