Cambuur nimt it op tsjin it FC Twente fan Gertjan Verbeek

30 jan 2018 - 17:11

SC Cambuur makket him tiisdeitejûn op foar de kwartfinale fan de KNVB beker. Dêr wachtet de ploech fan ynterim-trainer Sipke Hulshoff in swiere opjefte, want yn de Grolsch Veste is FC Twente de tsjinstanner. It is in wike mei in Frysk tintsje foar de Tukkers, want takom wykein stiet de útwedstriid by SC Hearrenfean op it programma. By Twente is Gertjan Verbeek no trije moannen haadtrainer. FC Twente stiet fyftjinde yn de earedifyzje en hat in dreech seizoen. Bekersúkses kin in pynstiller wêze foar in klup yn swierrichheden, mar Verbeek jout oan de earedifyzje belangriker te finen. "Als ik moet kiezen tussen lijfsbehoud in de eredivisie of de beker winnen, dan is de eredivisie het belangrijkste voor deze club", sa seit Verbeek.

Trije kear bekerwinst

FC Twente wit wat it is om sukses te hawwen yn de beker. Yn 1977, 2001 en 2011 wûn it de KNVB beker. Oan de oare kant, ek SC Cambuur hat bewiisd in wiere 'cupfighter' te wêzen. De Ljouwerters skeakelen ferline seizoen Ajax en FC Utrecht út yn it KNVB bekertoernoai en moasten pas nei strafskoppen yn de heale finale bûge foar AZ.

Je soenen hast tinke dat FC Twente ta oan de tosken motivearre is om te fuotbaljen tsjin Cambuur, want der rinne nochal wat minsken om by FC Twente mei in ferline by Hearrenfean. Luciano Slagveer, Jos Hooiveld en Oussama Assaidi spilen allegearre yn it Abe Lenstra Stadion. Mar ek bygelyks assistint Boudewijn Pahlplatz. Dêrneist wienen fansels Jan de Jonge en Gertjan Verbeek aktyf foar Hearrenfean.

Omrop Fryslân

De wedstriid fan SC Cambuur tsjin FC Twente set tiisdeitejûn om 20.45 oere útein yn de Grolsch Veste yn Enschede. Omrop Fryslân docht op de radio live ferslach fan de dizze kwartfinale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)