Séfonsterpolder yn Gaasterlân krijt natuer en rekreaasje

30 jan 2018 - 16:46

De provinsje lûkt 175.000 euro út om fan de Séfonsterpolder yn Gaasterlân in natuer- en rekreaasjegebiet te meitsjen. De grutte polder, fan 25 bunder, leit oan de eastkant fan de Rysterbosk by Riis. De nije natuer makket diel út fan it Natuernetwurk Nederlân, earder bekend as Ekologyske Haadstruktuer. Nei de simmer giet it wurk los. It ynrjochtsjen fan 25 bunder natuer is it slotstik fan Eksperimint Gaasterlân. Dêrby wurdt de wetterhúshâlding ferbettere troch it graven fan nije sleatten en it ferbreedzjen fan besteande sleatten.

Oan de râne fan de bosk komme nije strûken en planten. Op twa lokaasjes yn de Séfonsterpolder komt in picknickbank. Fierder komt der in nij kuierpaad troch de polder, dat oanslút op de besteande paden yn de Rysterbosk. Sa ûntstiet der in moaie rûte troch bosk en polder.

(advertinsje)
(advertinsje)