Stroetinga mei dochs meidwaan oan alternative Alvestêdetocht

Arjan Stroetinga © Neeke Smit
Maratonreedrider Arjan Stroetinga mei woansdei dochs meidwaan oan de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. Hy drige útsletten te wurden foar de wedstriid, omdat er ôfrûne sneon twa reade kaarten krige by it Iepen Nederlânsk kampioenskip, ek op de Weissensee. De skiedsrjochterskommisje yn Nederlân hat langer nedich om in strafmaat foar Stroetinga te bepalen. Hjirtroch kin de maratonrider dochs fan start gean yn Eastenryk.
Stroetinga krige de reade kaarten foar it hinderjen fan konkurrint Gary Hekman yn de sprint en foar de opskuor dy't nei de einstreek ûntstie. Ek ploechmaat Simon Schouten en Rick Smit krigen dêrby in reade kaart.