Bou nij wettersportsintrum Warkum kin noch net los

30 jan 2018 - 19:00

Sels al befêstiget de Ried fan Steat yn heger berop de omjouwingsfergunning foar it nije wettersport- en kitesurfsintrum by camping It Soal by Warkum, dan is it noch lang net wis oft inisjatyfnimmer Micheal Fölling in nij gebou op it strân delsette mei. Earst moat it besteande wettersportgebou sloopt wurde, sa die tiisdei bliken by in rjochtsaak yn Den Haag.

Earder krige Fölling fia de rjochtbank in omjouwingsfergunning foar in nij multyfunksjoneel wettersportsintrum. De gemeente Súdwest-Fryslân woe eins hielendal gjin fergunning jaan, mar koe net oars. Dat kaam omdat der in foarmflater makke wie. De gemeente woe dy fergunning no by de Ried fan Steat wer fan tafel krije.

Utspraak

De Ried fan Steat hat al oanjûn dat it in lestige saak is en dat in útspraak noch wol efkes duorje kin. Fölling kin dochs noch net mei de bou begjinne, omdat der noch in strângebou by de camping stiet. Hy wol dat earst fuorthawwe, mar dêr moat de gemeente noch in beslút oer nimme. Fierder is de gemeente eigener fan de grûn dêr't Fölling it nije gebou hawwe wol.

Oerlis nedich

Sawol de advokaat fan Fölling as de gemeente jouwe ta dat der noch hiel wat oerlis nedich is, foardat der in gebou delset wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)