Wurkpleats Dirty to Be yn Drachten mei gewoan iepen

30 jan 2018 - 15:29

De stamtafel en de bar yn de wurkpleats fan motorklup Dirty to Be yn Drachten bliuwe foarearst stean, oant de saak yn in boaiemproseduere behannele wurdt. In twangsom dy't Smellingerlân oplizze woe, om foar te kommen dat de wurkpleats brûkt wurdt as kluphûs, giet earst ek fan tafel. Dat is it gefolch fan ôfspraken, dy't tiisdei makke binne tusken de motorklup en de gemeente, by de Ried fan Steat.

Pilske drinke

De motorklup hat in wurkpleats oan De Gaffel. De gemeente drige mei in twangsom fan op syn meast 30.000 euro, as de wurkpleats as kluphûs brûkt wurde soe. Fan de gemeente mei der yn de loads allinnich oan de motors wurke wurde. Der mei ek wol in pilske dronken wurde, mar allinnich troch de minsken dy't oan it wurk binne.

De gemeente hat oanwizingen dat de klup him dêr net oan hâldt, mar de rjochter fûn dat de gemeente mei 'wat in foaroardiel' nei de saak sjoen hat. De ôfspraak is no dat de gemeente strang kontrolearret oft de wurkpleats net brûkt as kluphûs. De boaiemproseduere tsjinnet nei alle gedachten pas oer in pear moannen.

(advertinsje)
(advertinsje)