Ferbânfabryk yn Wolvegea hat nije eigeners krigen

30 jan 2018 - 14:47

It fabryk fan Keninklike Utermöhlen yn Wolvegea is ferkocht. Dat hat de produsint fan ferbânmiddels sels bekend makke. De nije eigeners binne Piet Bandell en Martin Pereboom. Sy nimme it famyljebedriuw oer fan Don van der Vat. Dy hat 30 jier binnen Utermöhlen aktyf west en hy waard eigener yn 1998. De nije eigeners sizze dat sy op de fertroude lokaasje yn Wolvegea bliuwe wolle.

Utermöhlen leveret al ferbânmiddels yn Nederlân, Europa, Noard-Amearika, it Midden-Easten, Australië en Azië, mar Bandell en Pereboom wolle dat noch fierder útbouwe. De skiednis fan Utermöhlen giet werom nei 1880. Doe waard it bedriuw oprjochte yn Amsterdam. Yn 1989 ferhuze it nei Wolvegea.

(advertinsje)
(advertinsje)