Minder medaljes op Olympyske winterspelen, neffens ekonomen

30 jan 2018 - 14:29

Nederlân hellet kommende moanne by de Olympyske Winterspelen yn Pyeongchang minder medaljes as by de Winterspelen yn Sotsji, fjouwer jier lyn. Dat is de foarsizzing fan trije ekonomen fan de Ryksuniversiteit Grins. Neffens har hellet Nederlân yn totaal achttjin medaljes, wêrfan fiif kear goud, seis kear sulver en sân kear brûns. Nederlân sil dêrmei as njoggende einigje yn de medaljespegel. De ekonomen basearje harren foarsizzing op eardere Olympyske Spelen en útslaggen fan wrâldkampioenskippen. Mar echt foarsizze hokker sporters de medaljes winne sille, is neffens harren net mooglik.

De ferwachte opbringst yn Pyeongchang sil leger lizze as yn Sotsji yn 2014. Doe gie Nederlân nei hûs ta mei 24 medaljes en behelle it in fiifde plak yn de medaljespegel.

(advertinsje)
(advertinsje)