Fertraging rûnwei De Lemmer: "In spagetty fan kabels"

30 jan 2018 - 13:52

It wurk oan de rûnwei fan De Lemmer smyt in soad fertraging op. Lemsters kleie dat se folle langer ûnderweis binne en guon winkels fernimme dat der minder klanten komme fanwege de minne berikberens. De oannimmer hat langer wurk, ûnder mear omdat der kabels en liedingen yn de grûn oantroffen wurde wêrfan it bestean net bekend wie. De provinsje sprekt fan in 'spagetty fan kabels'.

Dy kabels binne tritich oant fjirtich jier lyn yn de grûn stoppe en doe wie it net ferplichte om dat oan te jaan. It KLIK-systeem, wêryn't tsjintwurdich alles byhâlden wurdt, wie der doe noch net. De provinsje is yn oerlis mei de oannimmer om alles te regeljen en ferwachtet yn febrewaris mei in nije planning te kommen. Alles is der op rjochte om it wurk foar de simmer klear te hawwen, mar it is net dúdlik oft dat helle wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)