Tún Sibrandabuorren krijt sertifikaat Erkend Streekprodukt

30 jan 2018 - 12:56

Alle doarpen fan Fryslân soene it iten foar de ynwenners yn in eigen doarpstún produsearje moatte. Dat sizze Michel Pauluis en Bregje Hamelynck fan Sibrandabuorren. Se ha sa'n doarpstún, dêr't oare doarpsbewenners de griente sels út de grûn helje kinne. Yn Sibrandabuorren is it in abonnee-tún. Foar 195 euro per jier kinne je it hiele jier lekker ite. It is in eksperimint, sizze se, mar it soe moai wêze as de rest fan Fryslân soksoarte inisjativen oernimt. Tiisdei krije se in sertifikaat. Se wurde 'Frysk Erkend Streekprodukt'.

(advertinsje)