Frijwilligers bestride ferwyldering fan Hegewiersterfjild

Frijwilligers fan Natuurmonumenten binne op it stuit drok dwaande om it ferwylderjen fan skulpe-eilântsjes yn natuergebiet it Hegewiersterfjild te bestriden. It is hânwurk en it komt der op oan. Mar as it net bart, bliuwe de fûgels fuort en wurde der gjin lytse piken produsearre troch de wytstirns en de klút. Dy soarten binne ôfhinklik fan dizze briedgebieten.
Gewoanwei briede se oan see, mar dêr giet it sa no en dan mis troch stoarm, heech wetter of fersteuring. Dy problemen hawwe sy net yn it Hegewiersterfjild dat binnendyks leit tusken Harns en Kimswert. Mar omdat de see dêr net komme kin, groeie der allegear planten op.