Fryslân en klimaatferoaring: ''Elkenien moat oan de bak''

30 jan 2018 - 11:58

Om Fryslân bestindich te meitsjen foar klimaatferoaringen  sil elkenien oan de bak moatte. Dat seit Wetterskip Fryslân yn de Klimaataginda, dy't dizze wike troch it deistich bestjoer fêststeld is. Us provinsje moat oanpast wurde om taret te wêzen op mear delslach, mear drûchte en in stiging fan de seespegel. Der moatte nije, klimaatbestindige wenwiken oanlein wurde en besteande wiken moatte oanpast wurde om bygelyks better reinwetter opfange te kinnen.

Yn oparbeidzjen mei de provinsje en gemeenten wurket it Wetterskip oan in digitale klimaatstresstest, dy't kwetsbere plakken yn byld bringe moat. Foar it lanlik gebiet wol Wetterskip Fryslân ôfspraken meitsje oer it brûken fan de leechste perselen en prate oer de gefolgen fan it sâlter wurden fan it grûnwetter.

(advertinsje)
(advertinsje)