Leararetekoart: "Jierkontrakt, en de hier wurdt betelle"

30 jan 2018 - 11:43

Ofstudearre Pabo-studinten út Fryslân, Grinslân, Drinte en de Noardeastpolder kinne fia in recruitmentburo sa oan de slach yn it ûnderwiis yn de Rânestêd. It buro biedt harren minimaal in jierkontrakt en de helte fan de hier wurdt troch it buro betelle. Op dizze wize wol it buro it leararetekoart yn de Rânestêd oplosse.

Foar 2020 wurdt in tekoart fan fjouwerhûndert masters en juffen ferwachte. Der is neffens it bedriuw te min talint yn de Rânestêd, wylst de hege hierprizen dêr in drompel opsmite. Mei dizze bysûndere maatregels wol it buro dêr wat oan dwaan.

Trefwurden: 
Pabo leararen rânestêd
(advertinsje)
(advertinsje)