Ein yn sicht foar partij DS10 op Skiermûntseach

Ek al moatte de riedsferkiezingen fan 21 maart noch komme, it is no al dúdlik dat de partij DS10 op Skiermûntseach net weromkomt yn de gemeenteried en it kolleezje. De partij hâldt der hielendal mei op. Opmerklik, want de partij is noch mar acht jier âld. By de foarige ferkiezingen ferdûbele de partij syn resultaat en mocht sels in wethâlder leverje. Mar de beide riedsleden binne al op leeftiid en ek it partijbestjoer fergrizet.
Gjin jonge kandidaten
In lange syktocht nei nije, jonge kandidaten hat neat opsmiten. Oprjochter en fraksjefoarsitter Marijke Rupert fynt dat tige spitich. Sels is sy 72 jier, har kollega-riedslid is 64. Sy fynt dat DS10 wol in protte berikt hat foar it eilân. Sy neamt de diskusje oer de jachthaven, it nije swimbad en de strânoergongen.
Ger Heeringa is noch mar in pear moanne wethâlder foar DS10. Hy folge Jan Dijkstra op, nei in mieningsferskil mei syn eigen partij.