Galerijproblemen wurde oplost

12 jun 2012 - 12:25

Hierdersplatfoarm Nieuw Elan yn Ljouwert hat der alle fertrouwen yn dat Elkien de problemen mei de galerijen by de Eikenflat en de flats yn Schieringen op in goede wize oplosse sil. Moandei waard bekend dat de galerijen net mear swier belêste wurde meie, omdat se net hiel sterk mear binne. Dat jildt net foar de balkons fan de flats.

Moandei wie der in byienkomst foar de bewenners fan de flats en tiisdei folget noch ien. It is noch net dúdlik hoe't Elkien de galerijen oanpakke sil en oft minsken in skoft út de flats moatte.

De measte bewenners hawwe it nijs frij kalm opnommen. By it hierdersplatfoarm Nieuw Elan is oant no ta mar ien telefoantsje binnenkommen.

Trefwurden: 
Elkien Nieuw Elan galerij flats
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)