Oerfal op sliterij Ljouwert yn Opsporing Verzocht

30 jan 2018 - 11:06

De wapene oerfal op de sliterij fan de Jumbo-supermerk oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert, is tiisdeitejûn te sjen yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. De plysje is noch hieltyd op syk nei de dieder en hopet op nije tips.

Fjoerwapen

De oerfaller wachte op 1 septimber ferline jier in meiwurker fan de sliterij op en twong dy ûnder bedriging fan in fjoerwapen om jild út de kassa te heljen. De man naaide út mei in ûnbekend jildbedrach. De oerfaller is filme mei in bewakingskamera.

Opsporing Verzocht begjint tiisdeitejûn om healwei njoggenen op NPO1.

(advertinsje)