Problemen fanwege subsydzjeregels sportakkommodaasjes

30 jan 2018 - 10:53

De Stichting Vriendenclub FC Wolvega driget yn de problemen te kommen, no't de gemeente Weststellingwerf de regels foar subsydzjes foar it ûnderhâld fan sportakkommodaasjes feroarje wol. De gemeente wol tenei in keppeling meitsje tusken it oantal leden fan in sportklup en de hichte fan de subsydzje. De stichting is eigener fan de sportakkommodaasje yn Wolvegea en ferhiert dy oan de fuotbalklup, mar hat sels gjin leden.

Mei de nije regeling soe de stichting gjin rjocht hawwe op subsydzje. De plannen pakke neffens bestjoerslid Peter de Kreek ek neidielich út foar de lytse sportklups.

(advertinsje)