Omrop TIP: Man! De race fan myn libben

17 feb 2018 - 08:32

Motorkoereur Bertus Folkertsma is ree om de heechste risico's te nimmen. Al 25 jier is er profesjoneel aktyf op it de heechste nivo fan de Nederlânske motorsport. Mar op racegebiet hat er noch ien ultime útdaging: race op it Britske eilân Man. The TT of the Isle of Man is in dykrace foar motors. De wedstriid stiet fanwegen it grutte tal ûngelokken bekend as de gefaarlikste fan 'e wrâld.

The Isle of Man

Om dizze TT ek ris ride te meien hat Folkertsma fan 't simmer as iennige Nederlanner meidien oan de Manx G. In race oer itselde romrofte strjittesirkwy dêr't de ôfrûne hûndert jier mear as 250 koereurs it libben lieten. Yn Fryslân DOK 'Man! De race fan myn libben', folget dokumintêremakker Wilfried Bijma koereur Bertus Folkertsma en syn team nei The Isle of Man.

Blyn ride

It ferhaal fan in sportman dy't der alles foar oer hat om syn motorsportdream wier te meitsjen. Syn earste omgongen oer it 60 kilometer lange Mountain Course binne lestich. It parkoers hat mear as twahûndert bochten, wêrfan't in grut tal 'blyn' binne. Bertus moat de rûte hielendal út 'e holle leare. Njonken de wei binne in soad beammen, lampepeallen, ôfgrûnen en oare tûkelteammen. Ien stjoerflater kin grutte gefolgen hawwe.

De Fryslân DOK-dokumintêre 'Man! De race fan myn libben' is op snein 18 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)