Omrop TIP: It hert fan De Houtigehage

10 feb 2018 - 08:11

De Houtigehage, in lyts doarp mei sa'n 1000 ynwenners reagearret entûsjast op it inisjatyf om âlderen op it plattelân mear oan keunst en kultuer dielnimme te litten. 'Tiid foar talint' is de namme fan it projekt. It is in idee dat yn 2013 begûn yn de Rânestêd. Hoe pakt soks no út op it plattelân?

Dûnsje of hout bewurkje

Yn de pilotgemeenten Smellingerlân en Achtkarspelen giene ferskate projekten fan start. De Houtigehage is it iennichste doarp dêr't mar leafst trije kursussen starte yn de winter fan 2017-2018. Alderen skriuwe harren hjir yn foar de groepen koarsjonge, dûns en beweging en foar in kursus houtbewurkje.

Omkearde Staking

Hat dy hege opkomst miskien noch wat te krijen mei de mentaliteit fan de romrofte 'Omkearde Staking' yn 1952? Yn dat jier fan grutte earmoede en wurkleazens pakte yn De Houtigehage in groep manlju sels de skeppe op om in dyk te ferbetterjen. Se easken lean nei it wurk en hellen dêrmei de nasjonale parse.

By de doarren del

It wurk fan Minke Slotegraaf is fan grut belang. Sy giet by elkenien persoanlik by de doarren del om 'Tiid foar Talint' oan te priizgjen. ''Soks bart allinnich mar yn in doarp. Yn De Houtigehage, dêr wurket it!'', wurdt der sein.

De Fryslân DOK dokumintêre 'It hert fan Houtigehage' is op snein 11 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)