Kollum: "Wy kinne alles!"

"Wat seagen se soer en wat wiene se grimmitich. Yn shock, sels. Se wiene al foaroan sitten gien mei harren delegaasjes, de boargemasters Hoes fan Maastricht en Van Gijzel fan Eindhoven. Ferd Crone waard mei syn matties stilswijend nei de twadde rige en de twadde rang ferwiisd. Ljouwert die ommers foar spek en brea mei. Nammerste grutter de ûntsetting doe’t de sjuery bekend makke dat krekt dy, foar harren meast ûnwierskynlike kandidaat, har Kulturele Haadstêd 2018 neame mocht.

De minachting fan de oare gadingmakkers foar Ljouwert oer wie net allinne beskamsum, mar sei ek hiel wat. Ljouwert wie ommers neat. Fryslân wie neat, en as it al wat wie, dan in kulturele woestyn. It ûnleauwe fan Eindhoven en Maastricht wie sa grut dat se it fatsoen net opbringe koene om Crone en ko. romhertich te lokwinskjen. Nei ôfrin waard sels sprutsen fan in ‘devaluaasje’ fan it predikaat Culturele Hoofdstad. Dat wie yn 2013.

Soks jout moai krekt oan hoe’t der yn ’e rest fan it lân tsjin ús provinsje oan sjoen wurdt. Fryslân bestiet allinne as der twa sintimeter iis yn ’e sleatten leit. Is dat net it gefal, dan is it inkeld goed as wingewest en stoartplak. De útferkiezing fan Ljouwert sloech dus yn as in bom. Ek yn Fryslân sels. Want in bulte Friezen wrakselje mei in minderweardichheidskompleks. It mantra dêrfan klinkt sa: ‘Wy binne neat, wy kinne neat en it sil noait wat wurde.’

Neist it hawwen fan in hiele protte machtige en positive kwaliteiten, binne Friezen ek masters yn it ús- en jinsels leech lizzen. Goed yn kleien en kliemen en yn it eigen beheinde eachweid op oaren projektearjen. As guon minsken mei inisjativen komme dy’t út in ûnbeheinde ferbylding berne wurden binne, kin men der in frikadel om ferwedzje dat it fuortendaliks troch sokken delsabele wurdt. Meastal troch lju dy’t sels neat út ’e wei sette.

Tink derom: kritysk wêze is wat oars as eameljen. In krityske hâlding is goed, sels needsaaklik foar it op punt setten fan projekten en ûndernimmingen. In krityske hâlding is yn ’e basis konstruktyf. Yn tsjinstelling ta eameljen. Dat is yn ’e basis destruktyf. Te werkennen oan kommentaren dy’t allinne oer de persoan sels gean en dêr’t gjin alternativen of oplossingen yn opfierd wurde. Mei sokke lânslju hat men gjin Hollanners, Brabanners of Limboargers nedich.

Lykwols is der ek hope foar harren. En dat is fitamine C. Of K, foar de taalfaksisten ûnder ús. Fitamine Kultuer. Yn mikrodoasis yn te nimmen. Dêrmei doel ik op al dy lytsere barrens en foarstellingen dy’t it lichem fan Kulturele Haadstêd 2018 meitsje ta wat it is. Fan de Klokken fan Berltsum en it Redbad iepenloftspul fan Broeksterwâld, oant de Dwerstinkers fan Wytmarsum en de Bernekeunst yn Wâldsein. Hûnderten lytsere inisjativen dy’t sjen litte sille wêr’t Fryslân ta by steat is. Dy’t minderweardichheid net feroarje sil yn mearderweardichheid, mar yn lykweardichheid. Wy dogge mei. Wy kinne alles. De wrâld wachtet ús."

30 jan 2018 - 7:25
(advertinsje)