Gemeenteried wol foar 1 maaie dúdlikens oer Van der Valk

30 jan 2018 - 06:26

De gemeenteried fan It Hearrenfean wol dat der foar 1 maaie dúdlikheid komt oer de plannen foar in Van der Valkhotel op It Hearrenfean. Der binne mominteel twa opsjes, ien by Skoatterwâld en ien op it plak fan it hjoeddeistige Hajé-hotel. De ried wol no dat beide opsjes uterlik 1 maaie konkreet oanbean wurde, sadat sy der in beslút oer nimme kin. Yn de plannen moatte ek de effekten foar it ferkear, miljeu en parkearjen meinaam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)