Westerener hat syn hope fêstige op nije donorwet

29 jan 2018 - 21:52

Nierpasjint Sietse de Vries fan De Westereen hopet dat de nije donorwet dertroch komt. De Earste Keamer praat tiisdei oer de nije donorwet. D66 wol dat de donorregistraasje omkeard wurdt. As minsken neat oanjouwe, binne se automatysk orgaandonor. De wet soe derfoar soargje moatte dat wachtlisten foar organen koarter wurde. Mar de polityk is der noch net oer út.

Ferline jier die Sietse de Vries in oprop foar in nierdonor, ek by Omrop Fryslân. Wy binne in jier fierder, mar in nije nier hat De Vries noch altyd net. Fjouwer kear yn 'e wike moat er dialize ûndergean, alle kearen acht oeren. Dat hat grutte ynfloed op syn libben. Sa kin de argivaris fan de gemeente Dantumadiel noch mar in pear oerkes yn 'e wike wurkje en is er faak wurch.

Der is wol in donor ôfkaam op syn oprop, mar de bloedgroepen komme net oerien. Yn it trajekt sitte se yn de lêste faze. As dat net slagget, moat De Vries wer op de wachtlist. "Foar nierpasjinten, mar ek foar in soad oare minsken, soe de omkearing fan de wet in útkomst wêze", seit De Vries. Oft dat der ek fan komme sil, wurdt op 6 febrewaris bekend. Dan stimt de Earste Keamer oer de wet dy't yn de Twadde Keamer mei ien stim ferskil oannaam waard.

(advertinsje)
(advertinsje)