VV Hearrenfean knapt mei lotterij-jild klaaikeamers op

Fuotbalferiening VV Hearrenfean kriget 3000 euro fan de VriendenLoterij. De klup is de súksesfolste dielnimmer oan de 'Samen voor je Club-actie". Klups en ferieningen belje dan leden op om te freegjen oft se meispylje wolle yn de VriendenLoterij. De helte fan elk ferkocht lot giet nei de klupkas. De telefoanyske aksje smiet 168 ferkochte lotten op. As mei alle lotten in jier meispile wurdt, kin de klup nochris hast 16.000 euro byskriuwe litte op de eigen bankrekken.
Foarsitter Wind fan VV Hearrenfean is bliid mei it jild. De 3000 euro ekstra dy't se no fertsjinne hawwe troch as bêste te einigjen, wurdt brûkt om de ferâldere klaaikeamers op te knappen. "Dat wie oars net mooglik", seit Wind.