CDA Achtkarspelen wol net mei PVV yn kolleezje fan B en W

It CDA yn Achtkarspelen set PVV-stimmers net bûtenspul, ek al slute de kristendemokraten de PVV út yn in nij kolleezje. Dat sei CDA-listlûker Jouke Spoelstra yn It Polytburo.
By de Twadde Keamerferkiezingen fan ferline jier einige de PVV as twadde yn Achtkarspelen, de iennichste gemeente yn Fryslân dêr't Wilders syn partij yn maart meidocht oan de riedsferkiezingen. Dochs wol it CDA se der net by hawwe yn in nij kolleezje fan B en W. Neffens Spoelstra stean de prinsipes fan syn partij en dy fan de PVV fierste fier útinoar.