WEROMSJEN: It iepeningsprogramma fan LF2018 yn De Harmonie

Foarôfgeand oan de offisjele iepening fan LF2018 wie der in gearkomste yn De Harmonie yn Ljouwert. By dizze offisjele gearkomste, allinne foar gasten, wiene fansels ek de Kening en Keninginne oanwêzich. Se koene harkje nei taspraken fan ferskate pommeranten út hiel Nederlân. Lykas eurokommissaris Frans Timmermans, Foppe de Haan en akteur Rutger Hauer. De folsleine gearkomste is hjir werom te sjen.