"Neibesteanden hawwe it lêste wurd, ek by nije orgaanwet"

29 jan 2018 - 20:50

"It is noch mar de fraach oft in nije orgaanwet folle mear organen opsmyt." Dat seit yntinsivist-neurolooch Michaël Kuiper fan it MCL yn Ljouwert. De Earste Keamer debattearret dizze wike oer it omdraaien fan de tastimminng yn de orgaanwet. No moat immen dy't orgaandonor wêze wol, him dêrfoar registrearje. Yn de nije wet moatte tsjinstanners dat krekt dwaan.

Neffens Kuiper bliuwt lykwols ek dan it petear mei de neibesteanden bepalend. De praktyk moat útwize oft it hjir, krekt as yn België en Spanje, mear organen foar transplantaasje opsmyt. Yn de Twadde Keamer wie ferline jier in histoaryske mearderheid fan ien stim foar it foarstel fan D66-keamerlid Pia Dijkstra. Tiisdei begint it debat yn de bot ferdielde Earste Keamer. De stimming folget dan takom wike.

Trefwurden: 
orgaanwet Earste Keamer Debat
(advertinsje)
(advertinsje)