FIDEO: Minsken wolle graach efkes elektrysk ride

29 jan 2018 - 20:25

It jier 2018 moat ít jier wurde fan de elektryske auto. Dat seit Tsjeard Mast, fan it Fryske bedriuw EV-Solutions yn Drachten. Hy rydt al jierren yn in elektryske auto, en mei himsels sa njonkenlytsen spesjalist neame. De brânsjferiening fan de auto-yndustry ferwachtet dat de ferkeap fan elektryske auto's dit jier ferdûbelje sil yn fergelyk mei 2017. Mar as jo sjogge nei it totaaltal auto's, bliuwt elektrysk riden in seldsumheid. Minsken sjogge altyd efkes om as der in elektryske auto foarbyriden komt, seit Mast, en se wolle der graach sels ek efkes in eintsje yn ride.

Trefwurden: 
elektrysk riden
(advertinsje)
(advertinsje)