Alwer in Fries? Lêste jierren minder lytse poppen

Der wurde hieltyd minder poppen berne. Yn Fryslân rint it tal berten rapper tebek as lanlik. It tal berten is yn Fryslân de lêste sân jier mei 15 persint omdel gien. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk, it CBS. Waarden der yn 2010 yn Fryslân noch goed sântûzen poppen berne. Ferline jier wiene it der noch gjin seistûzen. Neffens de demograaf fan it CBS kin dat lizze oan de fergrizing op it plattelân. Jongeren ferhúzje, wêrtroch't it tal berten ek tebekrint.
Oer hiel Nederlân rekkene is it tal berten yn sân jier tiid mei 8 persint fermindere. Yn Fryslân rint it dus (mei 15 persint) hurder tebek as it lanlike trochsneedsifer. Lanlik sjoen krije froulju ek hieltyd faker harren earste bern as se wat âlder binne. Yn trochsneed wie de Fryske frou yn 2017 29,8 jier âld as se it earste bern kriget. Dat wie yn 2014 noch 29,4 jier.
Ferloskundigen fernimme ek dat der minder wurk is. Dat hat te krijen mei minder berten, mar ek mei it tanimmend tal selsstannige ferloskundigen. Dat seit Marije Mink dy't foar it Bertehûs yn Akkrum en it Bonnehûs yn Ljouwert wurket. As it tal berten hieltyd mear ôfnimt, komme benammen de selsstannige ferloskundigen ûnder druk te stean, tinkt Mink.