Twadde duel foar Zeinstra

12 jun 2012 - 11:57

Erwin Zeinstra fan Dronryp is freed assistint-skiedsrjochter by it duel yn pûl D tusken Oekraïne en Frankryk. Zeinstra is de fêste assistint fan skiedsrjochter Björn Kuipers.

Zeinstra wie snein by de wedstriid tusken Kroäsië en Ierlân (3-1) ek al assistint. De Ierske bûnscoach Giovanni Trappattoni wie net te sprekken oer it optreden fan de Nederlânske lieding. Hy fûn dat it twadde Kroätyske doelpunt net goedkard wurde mocht hie.

Trefwurden: 
fuotbal Erwin Zeinstra
(advertinsje)
(advertinsje)